Mear kremaasjes yn Drachten

02 sep 2006 - 10:16

Krematorium De Wâldhof yn Drachten wol takom jier in dûbel oantal kremaasjes útfiere. Dêrfoar hat it útfeartsitrum by de gemeente Smellingerlân in fergunning oanfrege. No meie der jierliks 300 kremaasjes hâlden wurde. Takom jier moatte dat der 550 wurde.

De ferdûbeling is nedich omdat der hieltyd mear belangstelling komt út Grinslân. De Wâldhof sil der alles oan dwaan om ferkearsdrokte te beheinen. It gebou hoecht net útwreide te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)