Skeaclaim nei arrestaasje

De man dy't fêstsitten hat yn ferbân mei de dea fan in frou út Langedike oerwaget in skeaclaim yn te tsjinjen. Dat seit syn advokaat.
De man waard woansdei arresteard, neidat de frou dea fûn wie yn har hûs yn Langedike. De plysje sleat doe net út dat de frou troch in misdriuw om it libben kaam wie. Yntusken hat bliken dien dat in longûntstekking de deadsoarsaak west hat. De man is yntusken wer frijlitten.