De bal ynruile foar de pols

01 sep 2006 - 12:04

It earste team fan SC Heerenveen hat tongersdei oan it fierljeppen west yn Drylts. Under it each fan jeugd dy't noch fakânsje fierde, krigen de spilers in demonstraasje fierljeppen, om sa yn de kunde te kommen mei Fryslân. Dêrnei moasten se sels oan it ljeppen.

Michael Bradley besoch it Amerikaanske rekord fierljeppen te ferpulverjen, mar blessearre him derby oan syn holle. Dêr sit no in dikke bult op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)