Froeks makket no ek in film

19 mrt 2012 - 15:03

De Fryske jongereinsite Froeks.TV út Ljouwert makket in film. Ferline jier hawwe de jonge meiwurkers fan Froeks ek al in searje makke.

Foar it meitsjen fan de film krije de jonges en famkes fan Froeks begelieding fan eksperts. Alle akteurs en skriptskriuwers binne ûnderwilens al regele. Froeks siket inkeld noch learlingen dy't de produksje dwaan wolle. Der moat ek noch in lokaasje fûn wurde foar de opnamen.

Trefwurden: 
film Froeks.TV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)