Saak Aldwâld: 6 jier sel en TBS

01 sep 2006 - 10:24

In 26-jierrige man út Westergeast is tongersdei feroardield ta seis jier sel en TBS mei twangferpleging. De man hat begjin dit jier in famke (13) út Aldwâld ferkrêfte. Hy hie it slachtoffer fan har hynder lutsen en ûnder bedriging fan in mes misbrûkt.

Hy krijt de straf ek foar it misbrûken fan in 5-jierrich famke út Deventer en it lestichfallen fan in famke (11) út Kollum. It Iepenbier Ministearje hie ek seis jier en TBS easke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)