2 miljoen foar opknappe buerten

01 sep 2006 - 10:17

De gemeente Ljouwert hat 2 miljoen euro krigen fan it ministearje fan Binnenlânske Saken om buerten op te knappen. Doel fan it projekt mei de namme 'Doen!', is dat de ynwenners wer grutsk wurde op harren buert.

De gemeente set in projektburo del yn it eastlik diel fan de stêd. Der wurdt noch nei in lokaasje socht. Mei koarten wurde ynwenners fan de belutsen buerten útnoege om mei de gemeente yn gesprek te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)