'Jorwerter jûn' giet oer
It iepenloftspul fan Jorwert fan tongersdeitejûn, de saneamde Jorwerter jûn, gie net troch. Reden dêrfoar is it minne waar. De foarstelling fan tongersdeitejûn is ferpleatst nei sneintejûn 21.00 oere.
It stik dat spile wurdt, hat de titel 'Alles út' en is ynspirearre op de Britske film en musical 'The Full Monty' út 1997.