Fergese oplieding sporttrainers

01 sep 2006 - 09:59
Foto: Omrop Fryslân

Tolve sportynstrukteurs krije it kommende jier op kosten fan har gemeente fergees in oplieding oanbean foar senioare-sporttrainer.

It giet hjir om in inisjatyf fan de saneamde Foarset-gemeenten dy't op dizze wize it sporten fan minsken boppe de 50 jier stimulearje wolle. Foarset is oprjochte troch sân gemeenten yn Noardwest- en Súd-Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)