Yad Vashem-ûnderskieding útrikt

© Omrop Fryslân
Yn it stedhûs fan Roden hat frou Anna Renema-Hoekstra, earder fan Lollum, de Yad Vashem-ûnderskieding krigen. Har man Lútzen Renema krige 'm postúm. Se krigen de ûnderskieding foar har help oan in Joadsk famke yn de Twadde Wrâldoarloch.
It famke, Marjon Koolhoven-Kalker, koe nearne te plak en waard doe opnommen yn it gesin Renema yn Lollum. Ut tankberens hat se no, goed 60 jier letter, de ûnderskieding oanfrege.