SAR-heli earst noch yn Ljouwert

01 sep 2006 - 09:40

De SAR-helikopters bliuwe foarearst op de fleanbasis Ljouwert. Dat skriuwt minister Kamp fan definsje oan de Twadde Keamer.

De noardlike provinsjes ha krityk op it plan om de helikopters te ferhûzjen nei Den Helder. Dêrtroch soe de fleantiid nei de Waadeilannen langer duorje. De helikopters wurde dêr ynset foar sikeferfier. De minister sil no earst ûndersyk dwaan nei hoe grut it ferlet is fan de helikopters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)