Pealsitte as DVD-promoasje

De DVD fan de film 'Sportman fan de ieu' leit no yn de winkels. Om der omtinken foar te krijen is der sneon in pealsitwedstryd by de Mediamarkt yn Ljouwert.
Der kinne trije minsken meidwaan. Se meie maksimaal trije dagen sitten bliuwe. De dielnimmers meitsje kâns op prizen mei in wearde fan 2.000 euro. De pealsitters en it winkeljend publyk krije ûnderwilens noch live muzyk te hearren fan ûnder oare Luie Hond.