Wer boadskipje yn Bilgaard
Bewenners fan Bilgaard yn Ljouwert kinne wer boadskipje yn harren wyk. De Aldi supermerk gie tongersdei wer iepen.
De Albert Heijn dy't ferline wike folslein ôfbaarnde, is dwaande mei in needwinkel. Sa lang't dy der net is, rydt de supermerk noch alle dagen mei in pindelbuske nei de festiging oan de Tijnjedijk yn Ljouwert.