Frou (46) omkaam by ûngelok

31 aug 2006 - 14:51
Foto: Omrop Fryslân

By in ferkearsûngelok yn Sint Anne is woansdei in frou omkommen. It slachtoffer (46) kaam út Amsterdam. Se ried op de Stedhâlderswei mei de auto tsjin in beam. De frou is op it plak fan it ûngelok sels ferstoarn.

De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend. De plysje ûndersiket dat noch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)