Koudum krijt nij bedriuweterrein

31 aug 2006 - 11:02

De oanlis fan bedriuweterrein De Poel yn Koudum is wer in stapke tichterby kommen. Der is oerienstimming oer de oankeap fan 'e grûn. De gemeenteried fan Nijefurd wurdt meikoarten frege de grûnpriis fêst te stellen.

De provinsje hat it bestimmingsplan yntusken goedkard. Sân bedriuwen hawwe belangstelling foar in festiging op it nije terrein. Nei ferwachting kin yn de earste helte fan takom jier de oanlis begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)