Nije pasfoto's foar nij paspoart

Hûnderten Friezen moatte dizze wike op 'e nij op de pasfoto. De foto dêr't se in nij paspoart mei oanfregen, foldocht net mear oan de easken. Dy binne sûnt moandei folle stranger om't it paspoart elektroanysk wurdt.
Tefolle ljocht, in glimmende bril of laitsje op de foto mei net mear. De nije regels moatte fraude en misbrûk fan it paspoart tsjingean. De foto op it nije paspoart en de id-kaart moatte elektroanysk kontrolearre wurde kinne.