Yuri van Gelder wer yn 'e ringen

Wrâldkampioen yn de ringen Yuri van Gelder makket dit wykein syn rentree op It Hearrenfean. Van Gelder turne foar it lêst op 25 maart. Dêrnei bruts hy mei syn trainer en turnde hy net omdat er dat mentaal net oan koe.
Yn de nije turnhal by Sportstêd Hearrenfean is dit wykein de earste fan de twa kwalifikaasjewedstriden foar de wrâldkampioenskippen yn it Deenske Aarhús.