'Yndië-betinking moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
De betinking fan Nederlânske militêren dy't tusken 1945- en 1962 omkaam binne yn Nederlânsk-Yndië of Nieuw Guinea moat bliuwe. Ek as de feteranen der net mear binne. Dat sei luitenant- generaal Van Baal woansdeitejûn by de jierlikse betinking yn it Rengerspark yn Ljouwert.
De betinking by it Yndiëmonumint yn it Ljouwerter park moat nea ophâlde, fynt Van Baal. Wol soe de foarm yn de takomst oars kinne.