Komst Wilders wie net oanmeld

De gemeente Gaasterlân-Sleat wist neat fan de ferkiezingsbyienkomst dy't Geert Wilders woansdei hâlde soe yn Sleat. Sawol Wilders' kampanjeteam as syn befeiligers fan de DKDB ha gjin kontakt opnaam mei de gemeente.
De byienkomst giet woansdei net troch, omdat Wilders de kosten fan deteksje- poartsjes net betelje kin. Omdat de gemeente ferantwurdlik is foar de iepenbiere oarder, hie de boargemaster fan Wilders syn komst witte moatten.