Norregaard ferlit Hearrenfean

31 aug 2006 - 09:22

Middenfjilder Hjälte Bo Norregaard ferruilet fuortdalik sc Hearrenfean foar FC Kopenhagen. De 25-jierrige fuotballer waard yn 2005 oernommen fan de klub dy't foarige wike Ajax út de Champions League hold.

Norregaard spile yn Hearrenfean santjin kompetysjewedstriden, wêryn't er twa kear skoarde. Syn kontrakt rûn noch oant de simmer fan 2008. Hy koe lykwols net rekkenje op in basisplak. Hy tekene foar 4,5 jier by Kopenhagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)