Van der Werf wint grutte race
Sylster Brechtje van der Werf fan Snits hat de Yngling-wedstryd yn Sina wûn. It toernoai yn Sina jildt as tarieding op de Olympyske Spelen dy't op it selde wetter hâlden wurde.
Brechtsje van der Werf wûn de lêste wedstryd mei Mandy Mulder en Janneke Hin. Dêrtroch hiene se in foarsprong fan sân punten op de Ingelske nûmer twa.