Peijs besjocht yn 2008 reistiden

It CDA yn de Twadde Keamer hat woansdei in moasje yntsjinne om de tsjinstregeling fan de NS foar takom jier foar it Noarden te ferbetterjen. De Twadde Keamer debattearre dêr mei minister Peijs fan ferkear oer.
Peijs hat no tasein te besjen oft der noch lytse feroarinkjes mooglik binne yn de nije tsjinstregeling. Fierder sil se ûndersykje oft yn 2008 de reistiid tusken de Rânestêd en it noarden en easten koarter wurde kin.