Hegere prizen troch wiet waar

30 aug 2006 - 17:18

It wiete waar fan de ôfrûne wiken en de droege perioade dêrfoar soarget nei alle gedachten foar hegere prizen yn de supermerken. Sa wurde bygelyks bier en bistefoer djoer fanwege de lette risping fan weet en koarn.

It weet stiet op in soad plakken yn Fryslân noch hieltiid op it lân en kin net earder ophelle wurde as dat it droech is. Dêrtroch wurdt net allinich de opbringst leger, mar ek de kwaliteit wurdt minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)