Natuer ek foar minderfaliden
By de ynrjochting fan natuer moat mear omtinken jûn wurde oan minderfalide minsken. Dat fynt direkteur Ultsje Hosper fan It Fryske Gea.
It Fryske Gea hat woansdei yn de Bakkefeanster Dunen it tredde minderfalidepaad yn gebrûk naam. It giet om in besteand kuierpaad dat troch de natuerbeskermingsorganisaasje geskikt makke is foar rolstoel- en rollatorbrûkers.