VVV 's wolle oanbod ferbetterje
In enkête ûnder toeristen yn Fryslân moat de Fryske VVV's helpe it oanbod te ferbetterjen. De stifting Fryske VVV's sil dêr foar de help ynroppe fan ien fan de Ljouwerter hegeskoallen.
Troch út te finen wat der noch better kin hopet de stifting Noard-Hollân en de Veluwe foarby te gean wat it oantal toeristen oanbelanget. De VVV's yn Fryslân sille der foar yn de takomst ek mear gearwurkje op it mêd fan reklame en promoasje.