Wilders net feilich yn Sleat

© Omrop Fryslân
De nije partij fan Geert Wilders kin foarearst net op kampanje yn Fryslân. De partij voor de Vrijheid soe woansdei yn Sleat úteinsette yn ús provinsje, mar hat dy besite om feiligensredenen ôfsein.
It risiko op in oanslach op listlûker Geert Wilders soe te grut wêze. It kampanjeteam kin net foldwaan oan de strange maatregels dy 't syn befeiligensminsken easkje. Sa is der gjin jild foar deteksjepoartsjes.