Plysje net ferfolge foar sjitten

De plysjeman dy't yn maart yn Wâlterswâld sketten hat by in arrestaasje wurdt hjir net foar ferfolge. Neffens it iepenbier ministearje hat de plysje hannele út needwar. De man fielde him bedrige omdat syn kollega tsjin de flakte slein wie.
By it sjitynsidint rekken twa minsken ferwûne. It iepenbier ministearje hat dit beslút nommen op basis fan in rapport fan 'e ryksresjerzje.