Man slacht frou mei bierfleske

29 aug 2006 - 16:50

Oan de Foarstrjitte op 'e Westerein is moandeitemiddei in 32-jierrige man oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De man hie yn in wente oan De Berken wurden krigen mei in 33-jierrige frou út it doarp.

Dêr kaam rûzje fan en de fertochte sloech it slachtoffer mei in bierfleske op 'e holle. De frou rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)