Plysjehûn byt ynbrekker

29 aug 2006 - 16:50

Yn Ljouwert is tiisdeitemoarn betiid in 41-jierrige man oppakt by in ynbraak yn in hoarekasaak op Oer de Kelders. Tsjûgen seagen dat de man in rút ynskopte en deryn gie. De plysje is fuortendaliks warskôge.

Mei help fan in plysjehûn is de fertochte oanhâlden. By de oanhâlding biet de hûn de man yn 'e foet. De Ljouwerter is foar behanneling nei it sikehûs brocht. Der moat noch oanjefte dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)