Lange tocht mei reklameboerd
Fuotbalklub ODV út Wynjewâld hat sneon acht oeren omtôge mei in reklameboerd. It boerd, fan twaeninheal by seisentweintich meter, waard rinnende ferpleatst fan It Hearrenfean nei in fjild yn Wynjewâld.
It reklameboerd komt út it Abe Lenstrastadion, mar hie dêr al in skoftke gjin plak mear. Foar ODV reden om te sjn oft se it boerd by har fjild delsette koene. Nei acht oeren en mei tweintich frijwilligers slagge dat.