Boeren lilk op CSM

Fiifhûndert Fryske biteboeren binne lilk op CSM. Dy hat it sûkerfabryk yn Hoogkerk oerdien oan Cosun, it memmebedriuw fan de Suikerunie. As gefolch dêrfan moatte de boeren 1000 euro de bunder betelje om har yn te keapjen yn de nije koöperaasje.
Foar Fryske boeren giet it yn totaal om in bedrach fan trije miljoen. De boeren fine dat CSM dat betelje moat. Se ûnderhannelje op dit stuit mei CSM, mar binne ree om fabriken te besetten.