Soad oanrin by iistidemuseum

29 aug 2006 - 10:09

It iistidemuseum yn Bûtenpost is noch mar twa moanne iepen en hat no al in pear tûzen besikers lutsen. De ynteresse komt benammen fan fytsers en kuierders dy't ynteresse ha yn de kultuer en skiednis fan de streek. Boppedat is de entree ynbegrepen yn de entree foar de Krûdhôf yn Bûtenpost.

It museum jout in oersjoch fan de ûntjouwing fan it lânskip fan de iistiid ôf. Der binne balstiennen, fossielen en gebrûksfoarwerpen te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)