37 rydbewizen ynnaam op A7

19 mrt 2012 - 13:57

De plysje hat de earste trije moannen fan it projekt 'A7 Veilig' 37 rydbewizen ynfoardere op de A7 yn Fryslân en Grinslân. Mei-inoar binne fan desimber oant febrewaris 875 bekeurings útdield, Dêrfan wiene 449 foar te hurd riden en 424 foar asosjaal of gefaarlik hâlden en dragen. Twa kear skreau de plysje in boete út omdat de automobilist mei te folle alkohol op ried.

De plysje kontrolearret yn it projekt A7 Veilig op grutte skeinings fan de ferkearsregels. De minsken wurde ek echt oanhâlden. Radarkontrôles wurde net meiteld.

Njonken foar te hurd riden wiene der ek in soad boetes foar beljen yn de auto en de gordel net om hawwe. Oare faak foarkommende skeinings binne: te ticht op de foargonger en ûnnedich links ride. Yn it projekt 'A7 Veilig' wurkje de plysje Fryslân en Grinslân gear mei Rykswettersteat Noard-Nederlân en it Iepenbier Ministearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)