Fytsewurkpleats foar jongeren

It Hûs foar Jongeren oan de Huzumerleane yn Ljouwert krijt in fytsewurkpleats. Yn it Hûs wenje sa'n tweintich jongeren dy't harsels tydlik net rêde kinne. Doel fan it opfangplak is om de jongeren te helpen mei wurk, skoalle en wenromte.
SMO-Fryslân, dêr't it hûs ûnder falt, komt no ek mei deibesteging oan de Huzumerleane sels. Yn de wurkpleats wurde âlde fytsen opknapt en wer ferkocht.