Fragen oer webside Ljouwert

28 aug 2006 - 17:59

De gemeente Ljouwert hat problemen mei it oanbieden fan bestjoerlike ynformaasje op de gemeentlike website. Minsken dy't op de webside stikken ynsjen wolle, kinne dy faak net fine.

De VVD yn Ljouwert hat it gemeentebestjoer frege om it probleem op te lossen. In wurdfierder fan de gemeente seit dat der technyske problemen binne mei it systeem. De kompjoeterôfdieling sil dizze op koarte termyn oplosse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)