Rekord oantal besikers Open Stal

© Omrop Fryslân
De keunst- en sjochrûte Open Stal yn Aldeberkeap hat in rekord oantal besikers lutsen. 6700 belangstellenden brochten in besite oan de ekposysje dy't fjouwer wike duorre. Dat binne der 500 mear as foarich jier.
Yn in enkête wiene de besikers mei it sifer 7,5 goed te sprekken oer Open Stal. Dat it oantal besikers wer heger wie as yn 2005 hat ek te krijen mei it feit dat de tagong op moandeis fergees wie.