Ferwûnen by ûngelok Mitselwier

28 aug 2006 - 14:38

By in ûngelok op de Lauwersseewei by Mitselwier binne snein twa minsken ferwûne rekke.

In 31-jierrige autobestjoerder út Dokkum ferlear de macht oer it stjoer. Hy kaam fia in betonrâne en de berm op de ferkearde helte fan de dyk. Dêr botste er op de auto fan in frou út Ljussens. Beide bestjoerders binne nei it sikehûs fan Dokkum ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)