Cambuur fierder mei El Makrini

19 mrt 2012 - 13:24

Mohamed El Makrini fuotballet ek takom seizoen by Sportklup Cambuur. De Ljouwerters meitsje gebrûk fan de opsje yn it kontrakt fan de middenfjilder om it kontrakt mei ien jier te ferlingen.

Cambuur wol ek graach fierder mei keeper Robbert te Loeke. Syn kontrakt rint ôf, mar hy kin in oanbieding fan de klup temjitte sjen. Te Loeke stiet sûnt de winterstop ûnder de latte by Cambuur, troch in blessuere fan Marco Bizot.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)