Brân troch wjerljocht

28 aug 2006 - 13:03

Yn in wenhûs oan de Rypsterdyk yn Menaam hat sneintemiddei brân west. It fjoer ûntstie troch in ynslach fan it wjerljocht.

De brânwacht wie der gau by, mar dy koe net foarkomme dat it dak foar it grutste part ôfbaarnde. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)