Mishanneling yn Oerterp

28 aug 2006 - 11:03
Foto: Omrop Fryslân

In man (34) út Oerterp is freedtenacht mishannele. It slachtoffer waard op de Weibuorren yn syn wenplak sûnder oanlieding troch fjouwer jonges fan syn fyts lutsen.

Twa fan de jonges ha de man dêrnei meardere kearen skopt. Doe naaiden de jonges út. De man moast nei de dokter en hat hechtings yn de holle krigen. De plysje is noch op syk nei de fjouwer jonges.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)