Fandalisme yn Harns

28 aug 2006 - 10:48

In 22-jierrige ynwenner fan Seisbierrum is sneintemoarn betiid oanhâlden foar fandalisme yn Harns. Hy hie twa skrikstekken foar en achter in plysje-auto delset. Doe't plysjeminsken him fregen om se fuort te heljen, begûn er mei de stekken te smiten.

By syn oanhâlding fersette de man him. Ek omstanners bemuoiden har mei de saak. Uteinlik koe de fertochte mei hânboeien om nei it buro brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)