Fjochtpartij yn Boalsert

© Omrop Fryslân
In 17-jierrige ynwenner fan Boalsert is sneintemoarn betiid oanhâlden troch de plysje foar mishanneling fan in plakgenoat (25). Tsjin slutingstiid wie der foar in hoarekagelegenheid yn Boalsert in fjochtpartij ûntstien tusken de fertochte en it slachtoffer.
Doe't plysjeminsken de fertochte oanhâlde woene, begûnen omstanners har dermei te bemuoien. Mei help fan mear plysjes en hoarekameiwurkers koe de fertochte dochs oppakt wurde.