Fytser ferwûne yn Dokkum

27 aug 2006 - 16:50
Foto: Omrop Fryslân

In 75-jierrige ynwenner fan Dokkum is sneontejûn ferwûne rekke yn syn wenplak. Hy wie mei de fyts tsjin in stoeperâne oanriden en dêrnei fallen. Dat barde op de Halvemaanspoort.

De plysje hat assistinsje ferliend nei it ûngelok. It slachtoffer is mei in ferwûning oan de holle mei in ambulânse oerbrocht nei sikehûs de Sionsberg yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)