60 km-sônes by Beetstersweach
Der wurdt no tiisdei út ein set mei de ynrjochting fan 60 km-sônes by Beetstersweach. It wurk fynt plak oan de Van Harinxmawei en de Gordyksterwei.
Beide diken binne om dy reden tiisdei ôfsletten. Der wurdt dan oan it asfalt wurke. It ferkear wurdt omlaat. De wurksumheden duorje yn totaal twa wiken.