Nepwapen by dûnsgroep út Israël

In 18-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is sneontemiddei oppakt op it gemeenteplein yn syn wenplak, omdat er in nepwapen by him hie. Op it plein wie in optreden fan in bernedûnsgroep út Israël.
Dat optreden wie wat omstriden. De wurkgroep Hearrenfean-Palestina fûn dat sa'n optreden no net passend is, sjoen de situaasje tusken Israël en Libanon. De oppakte man hearde lykwols net by de demonstranten.