Lemster omkaam yn Genemuiden

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige man fan De Lemmer is yn de nacht fan freed op sneon om it libben kaam by in ferkearsûngelok by Genemuiden. De auto waard bestjoerd troch in oare Lemster dy't licht ferwûne rekke.
De bestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en rekke fan de dyk. De auto kaam úteinlik yn de greide telâne. Twa oare ynsittenden út Genemuiden rekken swier ferwûne.