Sponsorboerd rinnend ophelle
Fuotbalferiening ODV fan Wynjewâld hat in nij sponsorboerd. It boerd is hiel grut foar sa'n lytse klub: goed 26 by 2,5 meter. Se mochten it reklameboerd ha fan SC Hearrenfean, ûnder de betingst dat se it rinnend ophellen by it Abe Lenstra-stadion op It Hearrenfean.
It wie in rintocht fan goed 30 kilometer. Oan 'e ein fan de middei koene se it boerd te plak sette by it eigen fjild.