Ynbraak sportkantine Makkum
Yn de nacht fan tongersdei op freed is yn Makkum ynbrutsen yn in sportkantine oan de Klipperstrjitte. Der is in protte snobbersguod en drinken stellen. Om binnen te kommen binne twa doarren fernield.
Hjirtroch is in soad skea ûntstien. In 67-jierrige ynwenner fan Makkum hat oanjefte dien. De plysje stelt in ûndersyk yn.