Grutte útwreiding Vijversburg

It park Vijversburg oftewol it Bosk fan Ypeij by Tytsjerk krijt in ûndergrûns besikerssintrum en in nije grutte útsichttoer. Twa âlde kassen wurde wer opboud en it park wurdt nei it westen ta útwreide mei 15 bunder.
Vijversburg wurdt sa twa kear sa grut. De plannen binne de twadde fase fan de útwreiding fan it park en kostje mear as seis miljoen. It park krijt ek in nije namme: Groot Vijversburg. It moat it moaiste park fan it Noarden wurde.