FNP wol Frysk ynternetdomyn

© Omrop Fryslân
De Finske Aland-eilannen ha ferline wike in eigen ynternet-topdomyn krigen dat einiget op .ax. Op de eilannegroep yn de Eastsee wennet in Sweedske minderheid fan sa'n 26.000 ynwenners.
De domynnamme is oanfrege troch it provinsjaal bestjoer fan de eilannegroep. De FNP trúnt der by it Fryske provinsjebestjoer op oan om de .frl namme foar Fryslân yn te fieren en hat fragen dêroer steld oan Deputearre Steaten.