Snitser langer fêst

De Snitser dy't fêst sit foar deadlike mishanneling fan in Rotterdammer bliuwt noch seker twa wike yn foararrest. Seksje op it lichem fan it slachtoffer hat toand dat de man gjin natuerlike dea stoarn is.
De Snitser wurke by befeiligingsbedriuw ISA út Heech, dat snein yn Rotterdam ynset wie by de Bavaria City Race. De man hat dêr mei seis kollega's de Rotterdammer fan it terrein ôfset.